SP wol iepenbierheid

07 jul 2009 - 16:17

De SP yn de Steaten wol dat alle korrispondinsje oer de ôffalsintrale yn Harns bekend makke wurdt yn in iepenbiere gearkomste. De partij giet der net mear mei akkoart dat dy ynformaasje yn in besletten gearkomste troch DS meidield wurdt.

De SP ferhurdet dêrmei syn stânpunt nei oanlieding fan nije berjochten oer de ynformaasjefoarsjenning troch it kolleezje. Earder gie de partij noch wol akkoart mei sa'n besletten gearkomste.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)