Biste-asyls grôtfol katten

07 jul 2009 - 15:54

De biste-asyls yn Fryslân sitte grôtfol. Der wurde hûnderten katten en tsientallen hûnen opfongen. Dat bart yn de asyls, mar ek by gastgesinnen. Allinne echt skrinende gefallen wurde noch holpen.

De asyls yn Ljouwert, Snits, Drachten en It Hearrenfean hawwe elk op it stuit elk mear as 100 katten yn de opfang. It tal hûnen dat op strjitte set wurdt falt noch ta. It is foar it earst dat de asyls al sa betiid yn de simmer gjin plak mear ha foar katten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)