EK iisskulptueren yn Dokkum

07 jul 2009 - 15:44

Yn novimber wurdt yn Dokkum it earste Europeesk Kampioenskip iisskulptueren hâlden. Dêrfoar komt op de merk in grutte djipfriestinte te stean. Dêryn binne njoggen dagen lang 12 grutte keunstwurken fan iis te sjen.

De gemeente, de VVV, stichting Stedsfeesten, de iisferiening, de winkeliers en de hoareka wurkje mei oan it evenemint. De gemeente draacht 25.000 euro by. Foar it restearjende bedrach wurde noch sponsors socht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)