Kampanje tsjin 'skimmen'

07 jul 2009 - 12:54

De Fryske plysje is in kampanje begûn om foar te kommen dat noch mear minsken it slachtoffer wurde fan skimmen. Dat is dat by pinautomaten gegevens fan pinpassen kopiearre wurde en dat mei dy gegevens de rekkens fan de pinners plundere wurde.

Dit jier is dat by sa'n santich Fryske pinautomaten dien mei in miljoeneskea as gefolch. Yn de kampanje wiist de plysje derop hoe't je dat skimmen foarkomme kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)