Gjin Fryske file-ynformaasje

© Omrop Fryslân
Fryslân hat foarearst noch neat oan de nije nasjonale databank mei ferkearsgegevens. Pas oer in jier as 3 stiet der ek ynformaasje oer Fryske diken yn.
De nije databank wurdt troch bygelyks de ANWB brûkt om bettere ferkearsynformaasje te jaan. No stean der soms wol files op provinsjale wegen, mar kin de ANWB dat net sjen. Ut it noarden wei komme dêr regelmjittich klachten oer.