Nije eigner Noordplan Ljouwert

© Omrop Fryslân
Eveneminteburo Noordplan Leeuwarden hat in nije eigner. Direkteur Natasja Kesteloo hat alle oandielen fan it bedriuw oernommen fan Andries van Weperen.
Van Weperen rjochte it buro 20 jier lyn op mei Rob Hoelen. Noordplan is ûnder oare bekend fan de Frisian Solar Challenge en de Led Kampagne "Ik stap oer". Natasja Kesteloo is sûnt trije jier direkteur by Noordplan. Andries van Weperen bliuwt belutsen, mar giet ek fierder mei in eigen bedriuw.