BAS-F skrast banen by CIBA

© Omrop Fryslân
It personiel fan Ciba op It Hearrenfean wurdt freed ynformearre oer de takomst. It bedriuw is koartlyn oernommen troch it Dútske BAS-F en dat gemykonsern wol oer de hiele wrâld 3700 arbeidsplakken skrasse.
Ciba makket by de festiging op It Hearrenfean grûnstoffen foar ferve, inket en keunststof. It bedriuw frege earder dit jier ek wurktiidferkoarting oan foar de hast 100 meiwurkers, omdat de merk sa goed as stil lei.