Dierebeskermer wetter yntreaun

De guozzejagers yn it kanaal
De foarsitter fan de dierebeskerming fan Ljouwert seit dat er troch jagers it wetter yntreaun is, doe't er harren op 'e foto sette woe. Dat soe bard wêze by it eardere stoart Skinkeskâns yn Ljouwert. Dêr wiene trije jagers oan it guozzesjitten mei in ûntheffing fan 'e provinsje.
Ien fan 'e jagers ûntkent dat de man it wetter yntreaun is. De guozzen jouwe in soad skea en aaiskodzje helpt net tsjin jonge pykjes. Dêrom moatte de bisten wol ôfsketten wurde.