Sloop yn Van der Weijstrjitte

06 jul 2009 - 15:43

Yn 'e Familie van der Weijstrjitte yn 'e Ljouwerter Frijheidswyk wurde tweintich huzen sloopt. Dêrfoar yn plak komme sechstjin nije huzen. De âlde huzen binne min ûnderhâlden en foldogge net mear oan 'e easken fan 'e moderne tiid.

De sloop begjint yn desimber. Bewenners krije oare wenromte oanbean. De measten wolle graach weromkomme yn 'e strjitte. Yn 'e Frijheidswyk binne al in soad wenten opknapt.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)