Griene Stjer: eefkes blau-alch

06 jul 2009 - 14:47

In stikje strân yn rekreaasjegebiet Griene Stjer by Ljouwert hat snein in pear oeren ôfsletten west fanwege blau-alch. In stik fan 50 meter by de kiosk waard ôfset mei linten. Der stiene ek warskôgingsbuorden. Swimmers mochten dêr net it wetter yn. Se kinne der siik fan wurde.

Nei in pear oeren die blike dat de alch troch de wyn oer it wetter ferspraat wie. Fan de baktearje wie doe neat mear te sjen. It gebiet doe wer iepensteld foar it publyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)