PB-ûndersyk juwelieroerfaller

06 jul 2009 - 14:06

De haadfertochte fan 'e oerfallen op de Ljouwerter juwelier De Gouden Engel moat ûndersocht wurde yn it Pieter Baan Centrum. Ut dat ûndersyk moat dúdlik wurde oft de 20-jierrige âld-Ljouwerter tarekkeningsfetber is en wat de kâns is dat er opnij de fout yn giet. De man hat alris jeugd-tbs oplein krigen.

Tsjin in twadde fertochte, in 23-jierrige Rotterdammer, is tritich moanne sel easke. Hy hat as ferkenner meiwurke oan 'e oerfallen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)