Gemeente fielt him bedondere

06 jul 2009 - 12:39

De gemeente Wûnseradiel leit in twangsom op oan in Hichtumer dy't gjin pleats, mar in wenbuorkerij bou hat. De boufergunning wurdt ek ynlutsen. De eigner hat de boel bedondere, seit wethâlder Boersma.

De boer mocht it spultsje yn it doarp ferhúzje nei in plak bûtenút. Der is allinnich in nij wenhûs delset mei in stâl sûnder melkmasine en molktank. Yn stee fan 43 melkkij rinne der njoggen hynders om. Dat is yn striid mei it bestimmingsplan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)