Personiel Lasaulec yn mineur

06 jul 2009 - 12:07

De reorganisaasje en twongen ûntslaggen by technyske gruthannel Lasaulec komt hurd oan by it persoaniel. Dat seit fakbûnsbestoerder Gea Lotterman fan FNV-Bondgenoten.

It bedriuw slút allinnich al yn Fryslân trije festigings. Dêrtroch krije 38 minsken dien. De festiging yn Snits bliuwt wol iepen. Alle oare aktiviteiten wurde bondele yn in grutte festiging op It Hearrenfean. Dêr sil ek it haadkantoar wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)