Menaemer Feintsjes winne NK

De Menaemer Feintsjes hâlde wol fan geintsjes
Dweilorkest De Menaemer Feintsjes út Menaam is dit wykein earste wurden op it nasjonaal kampioenskip Dweilorkesten. It is de twadde kear dat it orkest in priis hellet. Earder dit jier wûnen de Menamers ek al it iepen Nederlânsk kampioenskip yn Bemmel.
Der diene acht dweilorkesten mei oan it NK yn Voorthuizen yn Gelderlân. De Menaemer Feintsjes bestean no trije en in heal jier as ûnderdiel fan 'e pleatslike fanfare Constantia.