Berndsen wennet yn Fryslân

Magda Berndsen (argyffoto)
Fryske korpssjef Magda Berndsen heart net by de grutte groep plysjesjefs dy't bûten de eigen regio wennet. Deiblêd Algemeen Dagblad publisearre sneon in ûndersyk dêr't út bliken die dat hast trijekwart fan 'e korpssjefs en plakferfangers net yn 'e eigen regio wenje. Der soe dan te min belutsenheid wêze.
Berndsen wennet yn Fryslân, mar har plakferfanger Martin Sitalsing hat in hûs yn Grins. Sitalsing wurdt lykas bekend ynkoarten korpssjef yn Twinte.