Partoer Tjepkema wint Doanjum
It keatspartoer fan Hilda Tjepkema, Judy Bergsma en Idske Zijlstra pakten snein de krâns yn Doanjum. Sy wûnen mei 5-3 en 6-4 de finale fan it trio Marie Heida, Brecht Gebrandy en Marike Beckers.
It partoer fan Klaske de Jong, Sjoukje Visser en Baukje Aalbers wûn de lytse preemje. Der stiene acht partoeren op 'e list.