Auto yn 'e brân by Gytsjerk

05 jul 2009 - 15:30

De plysje hat freedtemiddei in iensidich ûngelok ôfhannele op de Canterlânsewei by Gytsjerk. In 48-jierrige automobilist út Hallum ried yn de rjochting fan Ljouwert doe't er, troch waarsomstannichheden, syn snelheid oanpaste.

Troch it remjen rekke er yn 'e slip en bedarre er tsjin in beam oan de linkerkant fan de dyk. De auto fleach fuortdaliks yn 'e brân. Troch omstanners waard de automobilist fuorthelle fan de auto.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)