Nije útfining op slypmasine

Oane Visser mei de slypmasine
It libben fan in reedrider wurdt tenei in stikje makliker en relaxter mei de nije útfining fan Oane Visser. De reedrydspesjalist fan Rinsumageast lansearre ferline jier al in mobile slypmasjine, mar hat dêr no in ekstra tapassing op set. De riders kinne dêrmei sels de redens 'ronde', yts wat oars allinnich de spesjalisten dwaan kinne. De mobile slypmasjine mei ronder kostet sa'n 1500 euro. Sa wol Visser de oanskaf ek mooglik meitsje foar amateurriders.