Auto's fernield yn Snits

05 jul 2009 - 14:53

De plysje docht ûndersyk nei de fernieling fan alve auto's yn Snits. De auto's stiene yn de buert fan de âldereinwenningen en de muzykskoalle oan de Korte Vreugde.

Spegels waarden ombûgd, kentekenplaten stikken makke en ek sneuvelen rutewissers en ferskate ljochten. Noch net alle eigners ha oanjefte dien by de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)