Man oanholden mei fjoerwapen

05 jul 2009 - 14:42

In man (21) út Westergeast is yn de nacht fan sneon op snein yn Readtsjerk oanholden foar it besit fan in fjoerwapen. Midden yn de nacht krige de plysje de melding dat de fertochte oanstalten makke om achter it stjoer fan in auto te stappen.

In taksysjauffeur hie al de autokaaien fan de man ôfpakt omdat er fernaam dat de man ûnder ynfloed fan alkohol wie. Hy belle fuortdaliks de plysje. Dy makke de man wekker. Yn de auto waard in fjoerwapen fûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)