Lêste draaidei 11-stêdefilm

05 jul 2009 - 10:12

Yn it WTC Expo yn Ljouwert binne snein de lêste opnamen foar de film de Hel van '63, oer de âlvestêdetocht fan dat jier. By dy opnammen binne ek in pear reedriders fan doe: winner Reinier Paping, Jan Uitham, dy't twadde waard en Jeen van den Berg, de nûmer trije. Sij ha ek in roltsje yn de film.

Fierder binne de radiopresentatoren Edwin Evers en Jan Douwe Kroeske ek op de set. Evers spilet in ferslachjouwer en Kroeske in waarman. De film komt ein dit jier yn de bioskoop.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)