Man wurdt net goed op motor

05 jul 2009 - 08:53

In man (55) út 'e Haule is ferstoarn neidat er net goed wurden wie by in motorrit op de A32 by It Hearrenfean. De plysje en de sike-auto wiene útrukt nei in melding fan in ûngelok.

Doe't de helpferlieners te plak kamen, die bliken dat it net om in ûngelok gie. De traumaheli waard oproppen. Om dy lande litte te kinnen, waard in stik fan de dyk ôfset, wêrtroch't in file ûntstie. It slachtoffer is nei it sikehûs op It Hearrenfean brocht, dêr't er letter ferstoar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)