Wer brân ekopark De Wierde

Brân op selde plak as dei earder (foto Fokje Vis)
Op ekopark De Wierde yn Aldehaske is sneon wer brân útbrutsen. Freed begûn dêr oan de ein fan de middei in brân yn in steapel âlde matrassen. Dêr kaam in soad reek by frij. Ut ûndersyk hat bliken dien dat dy reek net skealik wie. De brânwacht hie it fjoer oan de ein fan de jûn út.
Sneontemoarn om sawat healwei tolven is der op itselde plak opnij brân útbrutsen. Der binne ferskate brânwachtkorpsen ynset om it fjoer út te meitsjen. Dat slagge rillegau.