Skedel fan fermiste Ljouwerter

De skedel dy't tongersdei fûn waard yn rekreaasjegebiet Froskepôle yn Ljouwert is fan in ynwenner fan de stêd dy't al in skoft fermist wurdt. Dat hat de plysje bekend makke. Yntusken is ek de rest fan syn lichem fûn, by it fytspaad oan de Alddiel.
Neffens de plysje is der net sprake fan in misdriuw. De skedel soe mooglik fan de romp skieden wêze omdat in bist der mei omsleept hat. Earder waard der al nei de man socht yn de Griene Stjer by Ljouwert.