Theo Postma hast yn giele trui

Theo Postma
Theo Postma fan Sweagerbosk hat freedtejûn yn Mearum de giele trui fan it Noordenveld-Westerkwartier eefkes om de skouders hân. Postma waard huldige as nije lieder, mar letter die bliken dat de sjuery in flater makke hie. Postma einige krekt foar lieder Peter Jan Polling, mar dy wie net yn de útslach opnaam. Postma hat ien punt minder as Polling (162 om 161 punten).
It fiifde kritearium waard wûn troch de Dútser Christoph Haxsen, foar Martijn Verschoor fan Bovensmilde.