Buien soargje foar oerlêst

03 jul 2009 - 19:25

De swiere buien freed oan de ein fan de middei en it begjin fan de jûn hawwe benammen yn it sintrum fan Snits foar skea soarge. Sa stiene ûnder oaren de Xenos-winkel en de Young-Men-shop splis. De grutste skea hie wenwinkel Ideetje oan it Grootzand.

Dêr wie it wetter út it âlde rioel nei boppen kaam. De houten flier is dêrby sa bot skansearre dat er ferfongen wurde moat. Dat allinnich kostet al 16 tûzen euro. Dêrneist hawwe ek in soad meubels skea oprûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)