Plysje kjimt Froskepôle út

03 jul 2009 - 17:26

De plysje kjimt rekreaasjegebiet de Froskepôle út op mear lichemsdielen. Yntusken is befestige dat jongeren tongersdeitejûn in skedel fûn hawwe. De groep jonges hie in sliepfeestje. De skedel waard fûn oan de eastkant fan de Froskepôle, by in wenbuorkerij op de fêstewâl.

Wêr't it lichemsdiel weikomt, is noch net bekend. Undersocht wurdt oft de skedel heart by de man dy't al in skoft fermist wurdt yn it Griene Stjêr-gebiet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)