Undersyk nei stjerte bijen

03 jul 2009 - 15:51

It Nederlânsk Sintrum foar bijeûndersyk yn Tersoal krijt tegearre mei de universiteit fan Wageningen in miljoen euro foar fierder ûndersyk nei de grutte stjerte ûnder bijen. Der sil ûndersocht wurde oft de bijen bedrige wurde troch in bepaalde parasyt dy't it sintrum earder ûntdutsen hat en wat de ynfloed fan ynsektisiden en lânbougif op bijen is.

De ûndersikers moatte noch wol in goed plan fan oanpak yntsjinje by it ministearje fan LNV.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)