Unyk midsieusk dokumint

03 jul 2009 - 15:44

In tekst oer it midsieusk lânrjocht yn Stellingwerf út 1480 is in unike fynst foar de Stellingwerven. Oebele Vries fûn dizze tekst by tafal yn it Geldersk Argyf yn Arnhim. Oer de perioade 1300-1500 yn dizze regio wie dêrfoar eins neat bekend.

It bysûndere dokumint beskriuwt âlde rjochtsregels, sawol strafrjochterlik as erfrjochterlik. It is in oersetting fanút it Latyn nei it Nederlânsk. De tekst giet nei in koart ferbliuw by de Skrieversronte werom nei Arnhim.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)