MKB-Aanjager hat fertuten dien

© Omrop Fryslân
It projekt MKB-Aanjager hat laat ta spesjalistyske help oan tachtich oant hûndert ûndernimmers yn it midden- en lytsbedriuw. Mei trije euroton fan de provinsje waarden sy keppele oan in saneamde kennisynstelling, lykas de Keamer fan Keaphannel. De ûndernimmers brûkten dizze help om saken te ûntwikkeljen of op de merk te bringen.
MKB-Aanjager hat fjouwer jier rûn. It inisjatyf kaam doedestiids by de steatefraksje fan de VVD wei. Tongersdei waard it projekt ôfsletten.