Gastâlders yn opstân
Hûnderten bern sitte aanst sûnder gastâlden as de plannen fan steatssiktaris Dijksma trochgean. Sy wol de easken foar sokke opfang oanskerpje. It betsjut dat guon gastâlden op in djoere kursus moatte. It gefaar bestiet dat gastâlden dy kosten net opbringe kinne en dus ôfheakje.
De polityk wurdt no oproppen om de plannen fan Dijksma tsjin te hâlden.