Ferset tsjin sônetaksy

Taksysjauffeurs biede de petysje oan oan wethâlder Sluiter (rjochts)
Taksybedriuwen yn Ljouwert fierden freed aksje tsjin de NS-sônetaksy yn de Fryske haadstêd. De sônetaksy is ûnearlike konkurrinsje, neffens de bedriuwen. Der giet in brief nei de Nederlânske Mededingings Autoriteit, de Nma. Yn Ljouwert beane tolve sjauffeurs dy brief en in petysje oan op it stedhûs. Neffens harren moat it stânplak fan de sônetaksy daliks fuort.
De sônetaksy is de opfolger fan de treintaksy en is folle goedkeaper as in gewoane taksy.