'Dútske ôffaloven bestiet net'

03 jul 2009 - 12:17

Deputearre Adema hat spyt fan syn útspraak dat der yn Dútslân in selde soart ôffaloven stean soe, as dy't no boud wurdt yn Harns. Yn in brief fan DS oan de steaten stiet dat dit net wier wie. Yn Parys en Hengelo steane wol ovens dy't wurkje op deselde technyk.

Saakkundige Vollenbroek neamde yn Zembla de fergunning foar de oven 'een hele slechte'. Yn in eardere e-mail skriuwt hy lykwols dat de útstjit fan de oven oan de noarmen foldwaan sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)