Byld spilet rol yn Hel van '63

03 jul 2009 - 10:07

It byld fan de Alvestêderider wurdt tydlik út de opslach fan de gemeente Ljouwert helle. It wurdt brûkt foar opnames fan de film 'De_Hel_van_'63'. Dy giet oer de alvestêdetocht fan 1963. Reinier_Paping, de winner fan dy tocht, hat model stien foar it byld.

Om't der boud wurdt by it WTC-Expo yn Ljouwert stie it byld yn de gemeentlike opslach fan de gemeente. As de bou-aktiviteiten dien binne, komt it byld wer op syn âlde plak te stean.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)