Keunstgers foar AVC

03 jul 2009 - 07:39

Nei tsien jier praten mei fuotbalklup AVC yn Seisbierrum lit de rie fan Frjentsjerteradiel in keunstgersfjild oanlizze. De klup wol dat, omdat de besteande fjilden te bot bespile wurde en dêrtroch yn wiete perioaden feroarje yn modderpoelen. AVC moat dêrtroch faak wedstriden ôfsizze.

Troch ien fan de besteande fjilden te ferfangen troch in keunstgersfjild moat it probleem foarby wêze. De gemeente betellet seis ton foar de oanlis, it doarp 25.000 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)