'Besunigje by sosjale tsjinst'

03 jul 2009 - 06:31

De rie fan Frjentsjerteradiel fynt dat de tsjinst sosjale saken en wurkgelegenheid Noardwest-Fryslân besunigje moat. De tsjinst hat de acht oansletten gemeenten in ekstra bydrage frege om't der foar takom jier noch in tekoart fan twa miljoen is.

Frjentsjerteradiel soe seis ton ekstra jaan moatte. Dat giet de rie te fier om't de gemeente dan yn de reade sifers driget te kommen. De riedsleden hawwe de tsjinst opdracht jûn om it tekoart sels fuort te wurkjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)