Fries makke ferneamde klok nei

De klok fan Thomas Tompion
Hy is noch mar studint, mar stiet op it punt om yn de hiele klokmakkerswrâld bekend te wurden. Johan ten Hoeve fan De Jouwer wurket op syn skoalle yn Ingelân oan in wichtich projekt. Hy makket op de fakskoalle West Dean College in replika fan in klok fan de ferneamde klokmakker Thomas Tompion. Dy makke 300 jier lyn twa klokken foar de Royal Observatory Greenwich yn Londen.
Moandei wurdt de klok oanswingele troch Sir Patrick Moore fan de BBC.