Banen fuort by Hegeskoalle

© Omrop Fryslân
Der ferdwine tritich banen by Hegeskoalle Van Hall Larenstein. It giet om funksjes by alle lokaasjes fan de hegeskoalle yn Ljouwert, Velp en Wageningen. Hoefolle banen der yn Ljouwert skrast wurde, is noch net bekend. It giet foarearst net om twongen ûntslaggen.
It bestjoer fan Van Hall Larenstein hopet sa de begrutting slutend te krijen. De skoalle soe oars takom jier in finansjeel tekoart krije dat wol oprinne kin oant twa miljoen euro