Hûs yn 'e brân yn Wâldsein

Grutte skea oan it hûs en boelguod (foto: Jaring Rispens)
In brân hat tongersdeitemiddei foar in ravaazje soarge yn in wente oan De Poel yn Wâldsein. In man yn in boatsje ûntduts it fjoer flak nei fiif oere. Hy sloech alarm wêrnei't de brânwacht gau te plak wie. Dy hat it hûs foar in part rêde kinnen.
Troch de reek en it bluswurk is in soad skea ûntstien yn de wente. De eigner wie op fakânsje en stie op it punt om wer nei hûs te gean.