Dúnbrantsje op Flylân
Yn de dunen bij kamping Stortemelk op Flylân hat oan de ein fan tongersdeitemiddei koart brân west. It fjoer koe troch de brânwacht útmakke wurde. Al mei al is sa'n tsien kante meter dúngebiet ôfbaarnd.
De krekte oarsaak fan de brân is net bekend. Der hoechde net ien út syn of har tinte of fakânsjehúske.