Winkelferbod foar winkeldieven

Winkeldieven dy't yn it sintrum fan Ljouwert twa kear op stellerij trapearre wurde krije in kollektyf winkelferbod. Dat is ôfpraat troch de wurkgroep Keurmerk Veilig Ondernemen. It giet om in inisjatyf fan plysje, ûndernimmers, gemeente en brânwacht.
Sa'n 30 winkellju út 'e Ljouwerter binnenstêd dogge oan dizze proef mei, dy't woansdei útein set is. Doel is om de stellerij yn it hert fan 'e stêd flink werom te bringen.