Boer De Tille krijt 6 moanne

02 jul 2009 - 14:12

In 62-jierrige boer út Koatstertille is troch de Ljouwerter rjochtbank feroardiele ta ien jier selstraf, wêrfan de helte ûnder betingst, fanwege poging ta deaslach.

Ek moat de man in meiwurker fan 'e AID en in bistedokter elk 500 euro skeafergoeding betelje. Op 16 april ried de boer mei in trekker op de meiwurkers fan de Algemiene Ynspeksje Tsjinst yn doe't dy syn ferwaarleaze fee yn beslach nimme woene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)