NS-sônetaksy begûn yn Ljouwert

02 jul 2009 - 13:42

De Nederlânske Spoarwegen binne woansdei yn Ljouwert útein set mei de NS-sônetaksy. It giet hjir om in nij inisjatyf wêrby't treinreizgers tsjin in goedkeaper taryf fierder reizgje kinne mei de taksy. It inisjatyf is fergelykber mei de eardere treintaksy wêrby't minsken tsjin in fêste priis mei de taksy ferfierd waarden.

De sônetaksytsjinst yn Ljouwert wurdt útfierd wurde troch de Ljouwerter taksysintrale. It giet yn earste ynstânsje om in proef.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)