Omrin komt mei advertinsjeside

02 jul 2009 - 11:42

Offalferwurker Omrin sil sneon in paginagrutte advertinsje pleatse yn de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd oer de ôffaloven yn Harns.

Yn de advertinsje wurdt yngien op wat der oer de ôffaloven sein is yn tv-programma Zembla. De makkers fan 'e dokumintêre sette fraachtekens by de gefaarlike stoffen út de piip. Ek soe der yn Fryslân te min smoargens wêze om de oven waarm te hâlden. Omrin kin him net fine yn dizze krityk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)