Krityk VNO-NCW op steaten

© Omrop Fryslân
Wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW Noord hat grutte krityk op provinsjale steaten. VNO-NCW begrypt net dat de provinsje gjin posityf advys jout oer de gemeentlike weryndieling yn de Súdwesthoeke. Neffens VNO-NCW Noord frustreart de provinsje it hiele proses fan weryndieling, wylst dat fan ûnderen op ynsetten is.
VNO-NCW fynt dat allinnich gruttere gemeenten goed stjoering jaan kinne oan keuzes op it mêd fan ekonomyske en maatskiplike foarsjenningen.