Ingelske tún jûns wer iepen

© Omrop Fryslân
Elkenien mei jûns wer yn de Ingelske Tún yn Harns ferbliuwe. Ald-boargemaster Alrman ferbea minsken yn 2005 jûns de tagong ta it park fanwege fernielings en oerlêst foar de passanten troch jongerein.
Mar no 't de tún opknapt is, wurdt de jûnsklok wer ynlutsen. Harnzers kinne tenei ek jûns wer yn de tún tahâlde. Dat sei wethâlder Frans Zomers fan Harns wooansdei by de weriepening fan de Ingelske Tún, ek al is dy tún noch net hielendal klear.