Gjin asbestgefaar De Blesse

01 jul 2009 - 21:47

Der binne gjin asbestdieltsjes fûn bûten it terrein fan it woansdei ôfbaarnde restaurant Pieter Poot yn De Blesse. Dat hat bliken dien út ûndersyk. Allinnich op it terrein sels leit asbestmateriaal. De wenningen dy't tichtby de brân steane binne wer frijjûn.

De brânwacht hat noch lang oan it neiblussen west. De technyske resjerzje sil tongersdei ûndersyk dwaan nei de krekte oarsaak fan de brân

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)