'Alvestêden ek wrâlderfguod'

01 jul 2009 - 17:43

Noch gjin wike neidat it Waad wrâlderfguod wurden is, wol de provinsje ek dat de Fryske alve steden dat wurde. Dizze wike noch sil de oanfraach ferstjoerd wurde foar in plakje op de wrâlderfguodlist fan Unesco.

It proses om de alvestêden op de list te krijen is trije jier lyn al ynset, sa seit Kommissaris Jorritsma. De kommissaris fynt dat de stêden mei alle monuminten en de lizzing oan it wetter in plak op de list fertsjinje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)