De Wagt op proef by Inverness

01 jul 2009 - 16:57

Chris de Wagt (23) krijt de kommende twa wike de kâns om in kontrakt te fertsjinjen by it Skotse Inverness Caledonian Thistle. De Wagt hat in kontrakt oant heal 2010 by Cambuur, mar hy mei fuort.

De Wagt komt út de eigen jeugd fan Cambuur. Hy hat 90 wedstriden yn it earste fuotballe en dêryn alve kear skoard. It ôfrûne seizoen kaam De Wagt net oan fuotbaljen ta, mar mooglik krijt hy no in nije kâns yn de haadstêd fan 'e Skotse Highlands.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)