Plysje: it plattelân de dupe

© Omrop Fryslân
It plattelân wurdt de dupe fan de plannen fan it Regionaal Kolleezje fan de plysje Fryslân om fyftjin buro's te sluten. Dat seit boargemaster Van den Berg fan Ferwerderadiel. Dy gemeente driget syn lêste plysjestipepunt kwyt te reitsjen en dêrmei soe de plysje dêr folslein ferdwine.
Ynwenners fan Ferwerderadiel moatte tenei mooglik yn Sint Anne oanjefte dwaan of nei in stipepunt yn in winkel of in buerthûs. Foar in soad minsken soe dat in drompel wêze.